De museummoard
€ 19,90
Krekt as Paolo Lione fierder sil mei syn ynlieding, klinkt der in hurde gjalp troch de seal. ‘Sjoch dan! Dêr!’
De iepening fan de tentoanstelling troch de wrâldferneamde Italjaanske keunstner Paolo Lione wurdt wreed fersteurd as der in lyk yn in bêd fan roazebledsjes yn de Prinsewyk ûnder it Hearrenfeanster museum driuwt. It blykt in slim tatakele frou te wêzen.
Resjersjeur Annet Hillema en har partner Marcel Pronk begjinne in ûndersyk. Annet ropt de help yn fan har eks-kollega, priveedetective Paul Graafsma. Dy bedarret yn de wrâld fan de Italjaanske maffia. Neat is wat it liket, sa docht bliken.
Gerelateerde boeken
-
Wei, mar net fergetten
€ 24,90Tusken 2011 en 2020 betocht Cor Waringa sneintemoarns op Omrop Fryslân it libben fan Friezen dy’t yn dy tiid weirekken. It wiene trochstrings gjin ferneamde lju, mar gewoane minsken. Mar withoefaak die bliken hoe ûngewoan oft it libben fan sokke manlju en froulju bytiden ferrûn. Yn de 139 miniatuerkes dy’t yn dit boek opnommen binne folget de skriuwer har op har wei troch it libben en krijt de lêzer tagelyk in byld foar eagen fan de maatskippij dy’t mei de tiid feroare. Foar de brijkarre kaam de supermerk yn it plak en der kaam in tiid dat in arbeidersjonge trochleare koe foar dominy of dokter. Guon giene mei har tiid mei en oaren holden fêst oan it âlde. Wêr kamen se úteinlik telâne troch har mismoedigens, har eigenwizens, har tefredenheid, har beheinings of har sucht nei aventoer? En as de ein yn sicht kaam, hoe giene se dêrmei om?
Cor Waringa (1944) groeide op yn Aldeboarn, studearre yn Amsterdam skiekunde en yn Kampen teology en wie dominy yn Drylts, Ljouwert en op ’e Jouwer.
-
As ik de toer mar sjoch …
€ 24,9075 ferhalen fan Boarnsters oer de leafde en har djipste fertriet, oer hoe it wie, op skoalle, hokker fiten se úthellen en hoe’t se karriêre makken. Mar ek wêr’t se sa’n spyt fan hiene. Oer it belib¬jen fan nei tsjerke gean en oer de wille fan it gondelbouwen. It entûsjasme foar de sport en de ynset om Aldeboarn op ’e kaart te hâlden. Oer de jierren dat der ja en amen sein wurde moast tsjin klanten om winkeltsjes oerein te hâlden. Oer de opgeande tiid fan de boeren, mar ek oer it famke dat yn ’e jarrekolk bedarre.
Dit boek lit langstme fiele nei it doarp. As je ien kear yn in lyts doarp wenje en of wenne ha, dan bliuwe jo ferbûn en dat giet nea wer oer! In boek, net allinne foar Boarnsters!




