Doarp oan see
€ 24,90
Doarp oan see beskriuwt it deistich libben yn Makkum en syn soms nuveraardige ynwenners, yn de tiid foar’t de Sudersee de Iselmar waard.
Dizze skitterjende nije edysje fan Doarp oan see is basearre op de roman fan Hein F. Faber dy’t yn 1960 foar it earst ferskynde. Mei trochdat Hein Faber sa’n byldzjend skriuwer wie kaam syn omkesizzer Frâns Faber op it idee om in byldferhaal te meitsjen fan Doarp oan see. Syn krêftige tekeningen ferbyldzje de ynhâld fan it boek op in prachtige manier, en bringe Wichert Humalda, Sibe de Seeman, âlde Eling en alle oaren ta libben.
Gerelateerde boeken
-
-
Frysk Bakboek
€ 24,90It Frysk Bakboek sammelet de swiete resepten út de bakkerstradysje dy’t Fryslân ryk is. Oranjekoeke, sûkerbôle en dúmkes binne uteraard opnommen, mar ek heamiel, trommelkoeke, fanyljestaafkes, reepkoeke en alderhande oare bekend en ûnbekend gebak komt oan bod. Op syn Frysk rjucht en sljucht beskreaun, sûnder kâlde drokte, sadatst it thús goed meitsje kinst en in stikje Fryslân út dyn keuken toverest.
De susters Henny en Betty Feenstra wurken allebeide jierrenlang by bakkers op ’e Lemmer. Neist harren deistich wurk, Henny as dosint en Betty as direkteur, bleaune se bakken foar harren húshâlding, famylje en freonen. -
Hierbak
€ 17,50Sjerp Bak docht foar in regionale krante al tweintich jier ferslach fan de Ljouwerter gemeentepolityk. Gjin sjoernalistyk swiergewicht miskien, wol in betrouber ferslachjouwer. Privee liedt fyftiger Bak it wat grizige bestean fan in frijfeint op jierren. Nei’t syn libben yn ‘Bak’ op de kop set waard troch twa ûngelokkige stjergefallen, komt er yn ‘Hierbak’ foar in ûnmooglike kar te stean: sels dea of in pear lytse kriminelen út ‘e wei romje. Dêr’t Sjerp wekker leit fan it hiermoardnerskip, dreamt deputearre Kerst Sorgdrager fan de ferdûbeling fan de dyk Ljouwert-Boalsert. It is lykwols de fraach oft de baten tsjin de lêsten opweage, en dat net allinne foar de mienskip.
Mei ‘Hierbak’ bewiist Sietse de Vries opnij dat er net allinne in spannend boek skriuwe kin, mar ek in skerp each hat foar de tragykomyske kant fan it libben fan gewoane minsken dy’t har bêst dogge om der wat fan te meitsjen.
[Quote]
‘Bak is in moaie miks fan in psychologyske misdiedroman, wêrby’t de motiven socht wurde moatte yn it persoanlike flak, en in sosjale misdiedroman, dy’t mear preökkupearre is mei maatskiplike korrupsje en organisearre misdied.’ (Sjoerd Bottema yn de Moanne oer Bak)



![Ferroarings fan Stal [Metamorphoses]](https://noordboek.nl/wp-content/uploads/2024/04/Ovidius-Ferroarings-fan-Stal-9789056151744-150x208.jpg)
