Heksegrytta
€ 15,00
Oan it begjin fan it lêste jier op de basisskoalle komt der in nij famke yn de klasse: Annemoon. Alle bern út de klasse wolle graach freonen mei har wêze, mar Grytta en Bauke fine har mar frjemd. Oarsom fynt Annemoon Grytta ek in nuverenien. Daliks al, as se it lokaal ynstapt. It is krekt as sjocht Grytta dwers troch har hinne… Soe Grytta, lykas har beppe, bysûndere krêften hawwe?
Heksegrytta is in ferhaal oer freonskip en oer hoe’tsto dy in hâlding joust yn in klasse wêr’t nimmen dy kin. Soms dochst eat wat ferkeard útpakt en barre der dingen dy’tst fan te foaren noait betinke koest.
Gerelateerde boeken
-
nijntje den parke di bestia na Papiamentu
Nijntje, tata di rib’un dia
mi a pensa un kos
nos ta ban parke di bestia
ami ku bo, nos dos
-
opa en oma pluus op zien Drents
Nijntje gaat op visite bij opa en oma Pluis en ‘die heulden veul van nijn’ en opa pluus zegt: ‘ik heb veur nijn een steppie maokt’. Bij de thee eten ze ‘botterkoekies’, want Nijntje, opa en oma Pluus spreken drents.
-
De Goargels
Midden yn ’e nacht wurdt Melle wekker. Der sit in frjemd wêzentsje op de râne fan syn bêd. It liket wol in boltsje wol, mei earmkes en skonkjes en twa hierrige, puntige earen. Mar as Melle it ljocht oandocht, is it wêzentsje fuort.
As er der op skoalle oer fertelt laitsje se him allegear út. Sels heit, dy’t biolooch is, seit dat it ûnsin is, dat sokke wêzentsjes net bestean. Mar Melle wit seker wat er sjoen hat …
No ek yn it Frysk, dit fantasyrike en spannende aventoer oer Goargels, Brutelers en in jonge mei supereagen, fan Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees.
De Goargels heart by de bêst ferkeapjende berneboeken fan it lân.
-