Leffert. In heldedicht yn tolve sangen
€ 15,00
Leffert
In heldedicht yn tolve sangen
Begjin 8ste ieu. Redbad is noch kening fan Fryslân. Mar sil it Fryske keninkryk it hâlde tsjin ‘e oanboazjende driging fan ‘e Franken? It andert op dy frage leit yn ‘e hannen fan ien man. Dit breed opsette epos ferhellet hoe’t er him nettsjinsteande de hendikeps dy’t er by de berte meikrige hat, ûntjout ta in held. Foar de frou fan syn libben bejout er him yn lijen en gefaar. Troch alderhanne tsjinstuiten fine de twa jonge minsken mei help fan har freonen in paad nei it lok.
“It nijste wurk fan Bremer en Hoekstra ferret in grutte fertroudens mei de epyske tradysje, mar it is mear as bleate neifolging; troch it gebrûk fan 3D en spesjale effekten lit it Homerus-en-dy fier efter him.”
(Zeitschrift für epische Dichtung)
“Dit boek makket alle natoersearjes op ‘e tillefyzje oerstallich! Libbensechte natoerbeskriuwingen en skerpe obstrewaasjes fan ‘e ynteraksje tusken minske en dier hâlde de lêzer oanienwei yn ‘e besnijing.”
(Natuur in Beeld)
“Wy begripe net rjucht wêrom’t dit boek ús tastjoerd is foar besprek. De haadpersoanen binne faker út as yn ‘e klean.”
(Ús Jurk, Tydskrift foar Modistyk)
Gerelateerde boeken
-
-
Hierbak
€ 17,50Sjerp Bak docht foar in regionale krante al tweintich jier ferslach fan de Ljouwerter gemeentepolityk. Gjin sjoernalistyk swiergewicht miskien, wol in betrouber ferslachjouwer. Privee liedt fyftiger Bak it wat grizige bestean fan in frijfeint op jierren. Nei’t syn libben yn ‘Bak’ op de kop set waard troch twa ûngelokkige stjergefallen, komt er yn ‘Hierbak’ foar in ûnmooglike kar te stean: sels dea of in pear lytse kriminelen út ‘e wei romje. Dêr’t Sjerp wekker leit fan it hiermoardnerskip, dreamt deputearre Kerst Sorgdrager fan de ferdûbeling fan de dyk Ljouwert-Boalsert. It is lykwols de fraach oft de baten tsjin de lêsten opweage, en dat net allinne foar de mienskip.
Mei ‘Hierbak’ bewiist Sietse de Vries opnij dat er net allinne in spannend boek skriuwe kin, mar ek in skerp each hat foar de tragykomyske kant fan it libben fan gewoane minsken dy’t har bêst dogge om der wat fan te meitsjen.
[Quote]
‘Bak is in moaie miks fan in psychologyske misdiedroman, wêrby’t de motiven socht wurde moatte yn it persoanlike flak, en in sosjale misdiedroman, dy’t mear preökkupearre is mei maatskiplike korrupsje en organisearre misdied.’ (Sjoerd Bottema yn de Moanne oer Bak)




