Nijntje har freonen
€ 5,00
De Nijntje-boeken fan Dick Bruna sprekke bern oer de hiele wrâld oan, in tal boekjes út de rige binne troch Akky van der Veer oerset yn it Frysk. De boekjes binne geskikt foar bern fan twa jier ôf.
Gerelateerde boeken
-
De NEEhoarn
Yn it Hearlike Hertewâld wurdt in snoeperdepoeperige Ienhoarn berne. Hoewol’t elkenien lilaleaf foar him is en hy oanienwei fuorre wurdt mei swiete geloksklaver, gedraacht dat bist him bepaald net ienhoarneftich! Hy seit op alles domwei NEE, en dus wurdt er troch syn famylje al gau allinnich noch mar NEEhoarn neamd.
Op in dei rint de NEEhoarn fuort út syn sûkerwattewrâld.
Hy treft in waskbear dy’t net lústerje wol, in hûn dy’t it allegearre neat skele kin, en in prinses dy’t ivich en altyd wjerwurd jout.
Dy fjouwer foarmje in knap partoer.
Want mei-inoar lekker bokkich wêze is folle leuker! -
groòf en oòtje pluûs in ’t Spaokeburgs
In Groòf en oòtje pluûs in ‘t spaokeburgs (Opa en Oma Pluis in het Spakenburgs) gaat Nijntje op visite bij opa en oma Pluûs. ‘Groòfie het vur nijn ‘n stêp emaokt’ en ‘Nijn breide ‘n wârreme doek vur oòtje Pluûs’. Bij de thee eten ze ‘botterkoekies en nijn moch t’r twee’.
Groòf en oòtje pluûs is vertaald uit het Nederlands door Mennes Nagel.
-
De Goargels
Midden yn ’e nacht wurdt Melle wekker. Der sit in frjemd wêzentsje op de râne fan syn bêd. It liket wol in boltsje wol, mei earmkes en skonkjes en twa hierrige, puntige earen. Mar as Melle it ljocht oandocht, is it wêzentsje fuort.
As er der op skoalle oer fertelt laitsje se him allegear út. Sels heit, dy’t biolooch is, seit dat it ûnsin is, dat sokke wêzentsjes net bestean. Mar Melle wit seker wat er sjoen hat …
No ek yn it Frysk, dit fantasyrike en spannende aventoer oer Goargels, Brutelers en in jonge mei supereagen, fan Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees.
De Goargels heart by de bêst ferkeapjende berneboeken fan it lân.