Oerbleaune Rimen en Teltsjes
€ 22,90
De Rimen en Teltsjes hearre ta de klassiken fan de Fryske literatuer. It is it sammelwurk fan de bruorren Eeltsje, Tsjalling en Joast Halbertsma, dat mear as oardel iuw lyn foar it earst útkaam. It waard faak werprinte en ek oanfolle, mar dochs binne net alle literêre dichten en stikken fan de bruorren útjûn.
Undersyk fan Philippus Breuker nei harren teksten levere sa’n sechstich ûnbekende stikken op. It giet benammen om teksten fan Eeltsje en Tsjalling, dy’t skreaun binne tusken 1812 en 1857. Yn Oerbleaune Rimen en Teltsjes komme dy nije stikken oan it ljocht, foarsjoen fan ynliedende skôgingen en taljochtingen oan de hân fan brieven fan en oan de bruorren Halbertsma en har bern. Sa is mei dizze útjefte dan einlik it literêre wurk fan de grûnlizzers fan de Frysktalige literatuer kompleet beskikber.
Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân Eelko Alta (1723-1798), De keunst as útwei en Fryslân yn de Gouden Iuw.
Gerelateerde boeken
-
De Nova Scotia staazje
‘Ik hie noch nea sa fier fuort west. Op reis nei Kanada foar trije moannen staazje op in buorkerij yn Nova Scotia. Oaren út myn klasse bleaunen yn Nederlân, of kamen de provinsjegrins net iens oer. Mar ik woe oer de grutte plasse.’
Dit ferhaal beskriuwt de ûnderfiningen fan in jonge dy’t op in Kanadeeske boerepleats telâne komt dêr’t de sfear him benearet. Yn in waarme Kanadeeske simmer besiket er him yn in fijannige sfear steande te hâlden en siket er in útwei. Noch hieltyd dreamt Freark Fritsma oer de doar fan in sel yn in finzenis dy’t mei in klap efter him ticht batste.Dit is de fiifde roman fan Ferdinand de Jong.
-
-
De keunst as útwei
Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy’t ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen.
Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers.Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.