Spegel en sonde
€ 22,90
As toskedoktersassistinte Doutsen (echtgenoate, mem en minneres) in nije baas krijt, giet der ynienen in soad mis. Om’t se it iene nei it oare ferjit, minsken net mear werkent en regelmjittich it paad bjuster is, rekket se yn panyk. Se driget de kontrôle oer har libben te ferliezen en lit it yn har omgean har eardere berop fan byldzjend keunstner wer op te krijen. As Anniek, har suster dy’t se tsientallen jierren net troffen hat, kontakt opnimt, komt alles yn in streamfersnelling en komme dingen oan it ljocht dy’t Doutsen har hiele libben ferswijd hat. Wat is der eins bard yn it ferline?
Op meinimmende wize fertelt Jetske Bilker dit oangripende, en bytiden humoristyske, ferhaal oer geheugen, de eangst foar alzheimer en famyljebannen.
Fan Jetske Bilker (1960) ferskynde earder de roman It libben fan in oar, dy’t nominearre waard foar de Gysbert Japicxpriis.
Gerelateerde boeken
-
Fisk
De bokking better besjoen, in reuzesnoek út ’e Fryske Wâlden, in fabel fol ûntefreden maitsen, in oade oan ’e dôber. It binne in pear foarbylden dy’t op lichtfuottige wize yn Fisk oan ’e oarder komme. Alles yn Fisk hat te krijen mei natuer, fisk, fiskjen, wetter en Fryslân.
Nei harren earste projekt – Stabij, in boek oer in hûn – is Fisk it twadde boek fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en skriuwer-ferteller Douwe Kootstra. Douwe libbe him út yn ’e ferhalen. Tjibbe makke der tekeningen by. De miks fan bylden en koarte teksten makket Fisk ta in hearlik lês- en sjochboek.