Wei, mar net fergetten

139 in memoriams

 24,90

Tusken 2011 en 2020 betocht Cor Waringa sneintemoarns op Omrop Fryslân it libben fan Friezen dy’t yn dy tiid weirekken. It wiene trochstrings gjin ferneamde lju, mar gewoane minsken. Mar withoefaak die bliken hoe ûngewoan oft it libben fan sokke manlju en froulju bytiden ferrûn. Yn de 139 miniatuerkes dy’t yn dit boek opnommen binne folget de skriuwer har op har wei troch it libben en krijt de lêzer tagelyk in byld foar eagen fan de maatskippij dy’t mei de tiid feroare. Foar de brijkarre kaam de supermerk yn it plak en der kaam in tiid dat in arbeidersjonge trochleare koe foar dominy of dokter. Guon giene mei har tiid mei en oaren holden fêst oan it âlde. Wêr kamen se úteinlik telâne troch har mismoedigens, har eigenwizens, har tefredenheid, har beheinings of har sucht nei aventoer? En as de ein yn sicht kaam, hoe giene se dêrmei om?

Cor Waringa (1944) groeide op yn Aldeboarn, studearre yn Amsterdam skiekunde en yn Kampen teology en wie dominy yn Drylts, Ljouwert en op ’e Jouwer.

Verschijningsvorm:
Paperback
Taal:
Fries
Uitgeverij:
Uitgeverij Bornmeer
Aantal pagina's:
336
Druk:
1
ISBN:
9789464712704
Gewicht:
561 gram
Afmeting:
234x153x37 mm
Uitgiftedatum:
13-01-2025
Bekijk meer informatie over de auteur(s) van deze titel:

Gerelateerde boeken

  • De Jorwerter Dweilstikken

    De Jorwerter Dweilstikken

    Douwe de Bildt
     15,00
  • Beppe Xenia

    Beppe Xenia

    Hein Jaap Hilarides
     19,90

    Beppe Xenia

    Xenia is grutbrocht yn de Dravadelte fan Slovenië. Dêr treft se Freek Wassenaar, in boeresoan út it Bilt. Freek en Xenia wurde fereale en sette har nei wenjen yn Fryslân. Se trouwe yn 1933, it jier dat Hitler oan de macht komt yn Dútslân. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif. Dietrich Kleeblatt wurket yn Nederlân foar de SD. De moeting mei Dietrich sil it libben fan Xenia en Freek bot yn ûnstjoer bringe.

    Hein Jaap Hilarides (1969) is skriuwer en muzikant.

     19,90
  • Akkie yn 'e winter

    Akkie yn ‘e winter

    Debbie van Elden
     7,90
  • It smelle ûngelok

    It smelle ûngelok

    Harke Bremer, Jarich Hoekstra
     12,50

    It smelle ûngelok

    Smelle ûngelokken, se komme jin alle dagen oer. Gjin stof foar grutte literatuer, soe men sizze. Te sleau en te pynlik om oer te praten. In taboe dêr’t dizze bondel lang om let mei ôfweeft. Bremer en Hoekstra ha de klassike balladefoarm foar kar nommen om de universelens fan dit tema en syn yngreven belang foar it minskene bestean klear yn ’t ljocht te setten. Sa nimme se de lêzer mei fan foar de widze oant oer it grêf.

    Harke Bremer (1955) en Jarich Hoekstra (1956) skriuwe sûnt har studintejierren tegearre. Fan harren ferskynde earder it satiryske heldedicht Leffert.

     12,50