Anne Tjerkstra, in libben tusken de swurden
€ 15,00
Anne Tjerkstra wie skipper op it Steatejacht Friso. ‘De moaiste baan dy’t der bestiet,’ seit er sels. Hy makke fan tichtby kommissarissen as Rijpstra, Wiegel, Hermans en Nijpels mei. De gentleman-skipper, waard er wol neamd. Hy striele altyd nivo, mar ek in foarm fan distânsje út.
Hiel oars wie er as skûtsjeskipper. Dan stie er tusken syn bemanningsleden, brûkte de skipperstaal en koe rûch yn ‘e mûle wêze.
En wer oars wie er as rider fan ‘wylde’ Alvestêdetochten: der wie er de reedrider dy’t it om de prestaasje en aventoer te dwaan wie. En dy’t geniete fan it kabaal, it ôfkarren troch de wichtige minksen fan de offisjele Alvestêdetocht en de stikken yn de krante, dy’t dêrnei kamen.
Wa is de echte Anne Tjerkstra? Yn dit boek besiket Jan de Vries in antwurd op dy fraach te finen. Hy docht dat troch Tjerkstra safolle mooglik sels oan it wurd te litten. Dat levere practige ferhalen op oer syn bernejierren op in skûtsje, mar ek oer de pommeranten op it Steatejacht, een klaverjassende prins Bernhard en skûtsjeskippers dy’t inoar op it wetter nei it libben steane.
Jan de Vries (1939) wurke as sjoernalist, foarljovhter en (suvel-)direkteur. Hy skreau fersen, dêr’t er trije kear de Rely Jorritsmapriis mei wûn, toaniel – Geskaai om `e Kaai krige de Fryske Toanielpriis – en koarte ferhalen en boeken.
Mei yllustraasjes fan Anne Tjerkstra
Gerelateerde boeken
-
Underweis
Underweis komme jo de moaiste ferhalen tsjin, wit Bonne Speerstra nei in libben as feekeapman en fertsjintwurdiger. Yn dit boek beskriuwt er de meast bysûndere ferhalen, humoristyske foarfallen en oangripende moetings.
Tagelyk fertelt er de famyljeskiednis fan de Speerstra’s en dêrmei ek de ûntjouwing fan it boerelibben yn Fryslân.
Yn Underweis jout Speerstra mei in myld each en gefoel foar humor stal oan de ferhalen fan en oer it plattelân.