
Gerelateerde boeken
-
Fisk
De bokking better besjoen, in reuzesnoek út ’e Fryske Wâlden, in fabel fol ûntefreden maitsen, in oade oan ’e dôber. It binne in pear foarbylden dy’t op lichtfuottige wize yn Fisk oan ’e oarder komme. Alles yn Fisk hat te krijen mei natuer, fisk, fiskjen, wetter en Fryslân.
Nei harren earste projekt – Stabij, in boek oer in hûn – is Fisk it twadde boek fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en skriuwer-ferteller Douwe Kootstra. Douwe libbe him út yn ’e ferhalen. Tjibbe makke der tekeningen by. De miks fan bylden en koarte teksten makket Fisk ta in hearlik lês- en sjochboek.
-
Monuminteman
As Fryslân fan de iene dei op de oare selsstannich wurdt, krijt de haadpersoan fan dit boek in wichtige taak. Hy wurdt de monuminteman.
Hy moat foar it regear in plan meitsje foar stânbylden fan Fryske helden en sa in passende skiednis betinke foar it nije lân.
Mar wa is it wurdich om in byld fan te meitsjen? En wêrom?Monuminteman is it romandebút fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof. It is in humoristyske fantasij, in spannend en in oangripend ferhaal oer identiteit en fergonklikheid yn ien.