De midden en de beide einen
€ 20,00
Yn fyftjin ferhalen sjocht Steven Sterk mei relativearjende humor werom op syn libbenspaad. De autobiografyske ferhalen hawwe in universele kearn. Wat leart in minske fan it libben? Wat docht men mei freugde en fertriet? “Ik bin net gelykmjittich,” seit de skriuwer. Hy tikket de aspekten fan syn libben oan mei hertstocht yn bytiden aventoerlike ferhalen.
Steven Sterk tekenet ek in byld fan syn tiid. It plattelânsjonkje dat opgroeide sûnder tillevyzje, de jonge dy’t opgroeide yn en mei it idealisme fan de jierren tachtich en dêrnei in paad socht yn ekonomysk op- en delgeande tiden en ta syn eigen ferwûndering súkses boekte yn saken.
De skriuwer leaut net yn it paradys; dêrom hat er syn eigen wrâld sa ynrjochte dat der himelske klanken yn galmje, al stige der soms ek helske dampen út op.
Gerelateerde boeken
-
Monuminteman
€ 17,90As Fryslân fan de iene dei op de oare selsstannich wurdt, krijt de haadpersoan fan dit boek in wichtige taak. Hy wurdt de monuminteman.
Hy moat foar it regear in plan meitsje foar stânbylden fan Fryske helden en sa in passende skiednis betinke foar it nije lân.
Mar wa is it wurdich om in byld fan te meitsjen? En wêrom?Monuminteman is it romandebút fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof. It is in humoristyske fantasij, in spannend en in oangripend ferhaal oer identiteit en fergonklikheid yn ien.
-
De fjildferhalen
€ 19,90Rink van der Velde fielde him nearne sa goed thús as yn fjild en bosk. As jonge strúnde er om yn ’e bosken fan Beetstersweach en learde er de natuer troch skerp observearjen fan tichtby kennen. Fiskje en jeie wie syn lust en syn libben.
En harkje nei de ferhalen fan manlju dy’t de tiid noch meimakke hiene, dat minsken libje moasten fan fiskerij, mollefangen en de jacht op murden.
De fjildferhalen fan Rink van der Velde binne prachtich skreaun en steane fol mei sekuere observaasjes fan it hâlden en dragen fan minske en bist yn it iepen fjild.De fjildferhalen is in werútjefte fan de ferhalebondel fan Rink van der Velde (1932-2001), ien fan de populêrste skriuwers dy’t Fryslân kend hat.
-
Harm van der Meer fertelt
€ 17,50It libben fan dirigint, muzykmaster en minskeman Harm van der Meer (Bantegea, 1940) spile him ôf tusken de skoallen, koaren en orkesten, tusken jonge en âlde minsken, yn doarp en stêd, en yn it iepen fjild. De minsken en de muzyk joegen him genôch stof om in tal ûnferjitlike ferhalen en anekdoates op te skriuwen, dy’t yn dizze bondel sammele binne.
Yn de wurden fan Hylke Speerstra: ‘Optredens mei Harm van der Meer as ynspirator op de bok hiene faak bysûndere mominten. Der kamen mominten dat de wurdearring it applaus foarby gie. Dan foel der yn in grutte katedraal allinne mar in stilte, kearde Harm him nei de tahearders, seach harren yn de wiete eagen en sei er: “Jim hawwe it begrepen.” Syn rispinge kin ryk neamd wurde. Gelokkich hat er dêr, yn beskiedenheid mar mei gefoel foar anekdotyk, in kostber dokumint oer skreaun. Dêryn blykt er ek noch in master-ferteller te wêzen.’
De sfearfolle swart-wytfoto’s fan Henny van den Berg meitsje it ferhaal kompleet: in portret fan in markante man mei in kleurryk libben.




