It Guozzeroer

Rink van der Velde

 15,00

Bavius Bouma, in âld frijfeint yn Akkrum, fertelt oan syn besiker, in sjoernalist en hertstochtlik fisker, wat er yn de oarloch meimakke hat. Oanlieding ta syn relaas is de fynst fan in Dútske motorfyts mei sydspan yn it wetter yn de Heafeart nei De Deelen. Mei in pear maten hat Bavius yn de lêste oarlochsjierren yn dat ûnlân ûnderdûkt sitten. Krekt foar de befrijing hat him dêr in singelier drama ôfspile, dat noait bekend wurden is. It guozzeroer, in antyk stik sjitark mei de útwurking fan in kanon, spilet in belangrike rol yn dizze oangripende en sober fertelde roman. Ek giet It Guozzeroer oer de leafde fan Bavius foar in Russyske faam, twangarbeidster yn Normandië.

It Guozzeroer is in werútjefte fan de lêste roman fan Rink van der Velde (1932-2001).

Verschijningsvorm:
Paperback
Taal:
Nederlands
Uitgeverij:
Uitgeverij Bornmeer
Aantal pagina's:
144
Druk:
1
Uitgiftedatum:
16-07-2020
Gewicht:
222 gram
Afmeting:
200x135x14 mm
ISBN:
9789056156411

Gerelateerde boeken

  • Harry Potter en de stien fan e wizen

    As der in brief brocht wurdt foar de ûngelokkige Harry Potter, komt er achter in tsien jier âld geheim. Syn âlden wienen tsjoenders en waarden fermoarde troch de flok fan in Tsjustere Hear. Harry wie doe noch in poppe, mar hat it op ien of oare manier oerlibbe. Hy ferlit de freeslike Migels dy’t him grutbrocht hawwe, en giet nei Swiniastate, in tsjoendersskoalle mei spoeken en betsjoenings. Harry rekket fersyld yn in tsjuster aventoer as er in trijekoppige hûn fynt, dy’t de tredde ferdjipping fan ‘e skoalle bewekket. Dan heart er fan in ferburgen Stien, mei ferbjusterjende krêften, dy’t tige kostber of tige gefaarlik is.

     16,90
  • De fjildferhalen

    De fjildferhalen

    Rink van der Velde
     19,90

    De fjildferhalen

    Rink van der Velde fielde him nearne sa goed thús as yn fjild en bosk. As jonge strúnde er om yn ’e bosken fan Beetstersweach en learde er de natuer troch skerp observearjen fan tichtby kennen. Fiskje en jeie wie syn lust en syn libben.
    En harkje nei de ferhalen fan manlju dy’t de tiid noch meimakke hiene, dat minsken libje moasten fan fiskerij, mollefangen en de jacht op murden.
    De fjildferhalen fan Rink van der Velde binne prachtich skreaun en steane fol mei sekuere observaasjes fan it hâlden en dragen fan minske en bist yn it iepen fjild.

    De fjildferhalen is in werútjefte fan de ferhalebondel fan Rink van der Velde (1932-2001), ien fan de populêrste skriuwers dy’t Fryslân kend hat.

     19,90
  • Plaatshouder

    De Bonsterkes op ‘e terp

    Hanneke de Jong
     9,95
  • Wetterlân

    Wetterlân

    Lân fan takomst
    Eddy Wymenga, Ysbrand Galama
     12,90

    Wetterlân

    Us lân fan wyn, waad en wetter is yn de rin fan ieuwen feroare yn in greidelânskip dêr’t boeren foarút koene en dêr’t it optilde fan blommen en fûgels. Yn omtrint in hiele ieu is dat omslein yn in produksjelânskip dat fier ôfstiet fan de mienskip. Der is gjin paad werom mar wol in wei foarút nei in lânskip dat libbet en dêr’t wat te belibjen is. En dêr’t de
    boeren takomst ha en romte is foar wetter en bioferskaat. Doar te feroarjen!

     12,90