De Gouden iuw yn Boazum
Yn de gouden Iuw yn Boazum beskriuwt Philippus Breuker de libbens fan alle húshâldingen dy’t fjouwerhûndert jier lyn mei elkoar yn ien doarp wennen. It giet oer gewoane minsken yn in karakteristyk Frysk doarp wennen. Guon wienen der berne, lykas har âlden, en soms wennen har bern der ek wer. Oaren kamen út de omkriten en in inkeling hie der gjin famylje. Sa omfiemet dizze doarpsmienskip yn 1640 twa iuwen, fan 1500 oant 1700. Fan de 87 húshâldingen wienen in protte famylje fan elkoar, foaral yn de Buorren, wat makke dat sy it dêr foar it sizzen hienen, al wienen de boeren altyd noch machtiger. De measten waarden stadichoan reformearre, mar guon holden ek fêst oan it âlde leauwe. Dat joech spanningen dy’t net sûnder oerheidsyngripen oplost wurde koenen. De measte minsken hienen it net roem, mar nei 1650 kaam der in tiid fan oerbefolking en bittere earmoede.
Philippus Breuker (1939) wennet al mear as fyftich jier yn Boazum. Dit is syn fjirde boek oer it doarp. Dêrneist hat er skreaun oer literatuer, skiednis en lânskip fan Fryslân.c
Gerelateerde boeken
-
-
-
De museummoard
Krekt as Paolo Lione fierder sil mei syn ynlieding, klinkt der in hurde gjalp troch de seal. ‘Sjoch dan! Dêr!’
De iepening fan de tentoanstelling troch de wrâldferneamde Italjaanske keunstner Paolo Lione wurdt wreed fersteurd as der in lyk yn in bêd fan roazebledsjes yn de Prinsewyk ûnder it Hearrenfeanster museum driuwt. It blykt in slim tatakele frou te wêzen.
Resjersjeur Annet Hillema en har partner Marcel Pronk begjinne in ûndersyk. Annet ropt de help yn fan har eks-kollega, priveedetective Paul Graafsma. Dy bedarret yn de wrâld fan de Italjaanske maffia. Neat is wat it liket, sa docht bliken.