Regaad yn ‘e himel
€ 10,00
As Andrys van der Keur nei in oppassend libben yn ‘e himel komt, blykt it dêr in soadsje te wêzen. It bewâld wurdt net fierd troch God, mar troch Bismarck, Petrus en Jehannes, en der is gjin sprake fan oarder en tucht, earder oarsom. Andrys nimt de taak op him om ris fiks regaad te meitsjen, mar krijt derby mei hiel wat partijen en harren belangen te meitsjen.
Gerelateerde boeken
-
Wat soesto!
€ 15,00Freark Smink set mei Wat soesto! de kroan op synymposante toanielkarriêre. Yn dit boek fine jo de Fryske teatertekst en de oersetting yn it Nederlânsk. Boppedat skreau Geert Mak in wiidweidich essay oer Smink en kuieret hy oan de hân fan dit ferhaal troch de ûntwikkelingen yn de lânbou en yn Fryslân. Bouke Oldenhof skriuwt oer toanielskriuwen en it ûntstean fan dit stik. It boek jout derneist in oersicht fan it toanielwurk fan Freark Smink, yllustrearre mei prachtige foto’s út de âlde doaze.
-
Fisk
€ 17,90De bokking better besjoen, in reuzesnoek út ’e Fryske Wâlden, in fabel fol ûntefreden maitsen, in oade oan ’e dôber. It binne in pear foarbylden dy’t op lichtfuottige wize yn Fisk oan ’e oarder komme. Alles yn Fisk hat te krijen mei natuer, fisk, fiskjen, wetter en Fryslân.
Nei harren earste projekt – Stabij, in boek oer in hûn – is Fisk it twadde boek fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en skriuwer-ferteller Douwe Kootstra. Douwe libbe him út yn ’e ferhalen. Tjibbe makke der tekeningen by. De miks fan bylden en koarte teksten makket Fisk ta in hearlik lês- en sjochboek.
-
Wetterlân
€ 12,90Us lân fan wyn, waad en wetter is yn de rin fan ieuwen feroare yn in greidelânskip dêr’t boeren foarút koene en dêr’t it optilde fan blommen en fûgels. Yn omtrint in hiele ieu is dat omslein yn in produksjelânskip dat fier ôfstiet fan de mienskip. Der is gjin paad werom mar wol in wei foarút nei in lânskip dat libbet en dêr’t wat te belibjen is. En dêr’t de
boeren takomst ha en romte is foar wetter en bioferskaat. Doar te feroarjen!




