Wetterlân. Lân fan takomst
Us lân fan wyn, waad en wetter is yn de rin fan ieuwen feroare yn in greidelânskip dêr’t boeren foarút koene en dêr’t it optilde fan blommen en fûgels. Yn omtrint in hiele ieu is dat omslein yn in produksjelânskip dat fier ôfstiet fan de mienskip. Der is gjin paad werom mar wol in wei foarút nei in lânskip dat libbet en dêr’t wat te belibjen is. En dêr’t de boeren takomst ha en romte is foar wetter en bioferskaat. Doar te feroarjen!
Gerelateerde boeken
-
Fisk
De bokking better besjoen, in reuzesnoek út ’e Fryske Wâlden, in fabel fol ûntefreden maitsen, in oade oan ’e dôber. It binne in pear foarbylden dy’t op lichtfuottige wize yn Fisk oan ’e oarder komme. Alles yn Fisk hat te krijen mei natuer, fisk, fiskjen, wetter en Fryslân.
Nei harren earste projekt – Stabij, in boek oer in hûn – is Fisk it twadde boek fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en skriuwer-ferteller Douwe Kootstra. Douwe libbe him út yn ’e ferhalen. Tjibbe makke der tekeningen by. De miks fan bylden en koarte teksten makket Fisk ta in hearlik lês- en sjochboek.
-
-