Fallend ljocht Gedichten
€ 15,00
Ofbrek en ferlies fan krusiale funksjes bepale it earste skift fan dizze bondel. Yn it twadde lûkt de dichter de line troch nei it ôfbroazeljen fan âlde godshuzen, en tagelyk fan in wurd dat oait betsjutting hie. Dêrnei blêdet er yn in boek mei fergiele portretten: bylden fan minsken dy’t spoaren neilieten, en de nammen dy’t him berikten yn
wite keferten. ‘De dood is reusachtig en onbegrijpelijk’, dichte Csezlaw Milosz yn syn Theologisch traktaat, dêr’t
Eppie Dam njoggentjin fersen fan oersette. Yntusken giet it slûpspoar fan de slak streekrjocht nei de blomkoal ta.
Gerelateerde boeken
-
De keunst as útwei
€ 27,90Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy’t ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen.
Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers.Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.
-
Frysk Bakboek
€ 24,90It Frysk Bakboek sammelet de swiete resepten út de bakkerstradysje dy’t Fryslân ryk is. Oranjekoeke, sûkerbôle en dúmkes binne uteraard opnommen, mar ek heamiel, trommelkoeke, fanyljestaafkes, reepkoeke en alderhande oare bekend en ûnbekend gebak komt oan bod. Op syn Frysk rjucht en sljucht beskreaun, sûnder kâlde drokte, sadatst it thús goed meitsje kinst en in stikje Fryslân út dyn keuken toverest.
De susters Henny en Betty Feenstra wurken allebeide jierrenlang by bakkers op ’e Lemmer. Neist harren deistich wurk, Henny as dosint en Betty as direkteur, bleaune se bakken foar harren húshâlding, famylje en freonen.




