-
Sweltsjes fan Gaast
Theunis Piersma is heechlearaar Trekfûgelekology yn Grins en is in ynternasjonale autoriteit op dat gebied. Op syn fakgebied hat Piersma in ôfgryslik soad skreaun. Yn syn frije tiid docht er yn syn wenplak Gaast ûndersyk nei sweltsjes. Syn buorfrou frege him ‘Wêr bliuwe ús sweltsjes winterdeis, Theunis’. Dy fraach wie oanlieding foar in syktocht nei sweltsjes, nei hoe’t se libje en wêr’t se bliuwe.. Piersma ferstiet de keunst om syn wittenskiplik ynsjoch oer de bringen oan in breed publyk sûnder de kwaliteit te koart te dwaan. Dit is syn earste boek yn syn memmetaal. In oade oan sweltsjes en oan Fryslân.
-
Nijntje yn it museum
“Nijntje en har heit en mem gien nei it museum. Heit pluis fynt nijn te lyts, nijn is noch mar in pjut.
‘Te lyts, rôp mem, hoe komst der by’. Nijn sei, ‘ik bin al grut’ en dus giet nijn mei nei it museum. Dat fynt nijn hartstikke moai. Nijntje sjocht skilderijen, in mobile en sels in stienen byld. ‘en letter oer in jier as wat as ik wat grutter bin dan tink ik dat ik keunstner wurd'” -
Blommen
Oersetting en bewurking Sake P. Roodbergen
Yn dizze natoergids fine jo alles wat jo nedich hawwe om wylde planten te plak te bringen:
* In seleksje fan mear as twahûndert fan de bekendste en meast opfallende wylde planten yn ús lân, mei in ekstra aksint op Fryslân
* In ynformatyf oersjoch fan skaaimerken dy’t nedich binne foar korrekte determinaasje yn ien eachopslach
* Ynteressante ynformaasje oer de ekology fan de soart yn de begeliedende tekst
* Moaie foto’s as help by de determinaasje
* In tekening of detailfoto foar ferdúdlikingEkstra:
In Yndeks mei alle Hollânske en wittenskiplike nammen, en de Fryske nammen lykas dy troch de Fryske Akademy fêststeld binne yn septimber fan it jier 2009 -
Buorkje yn Fryslân
Dat de wrâld hieltyd feroaret is gjin nijs. Hoe hurd dy feroarings gean, wurdt dúdlik, as men de muoite nimt om achterom te sjen. Ek yn e lânbou hat in revolúsje plakfûn. It rêstige boerelibben mei syn fêste gewoanten en tradysjes is nei de Twadde Wrâldoarloch omraak feroare.
Dit boek oer de lânbou yn de tweintichste ieu is gjin wittenskiplik wurk, mar it ferhaal fan immen dy t in grut part fan dy ieu buorke hat en bestjoersfunksjes hie yn ferskate boere-organisaasjes. -
Harry Potter en de stien fan e wizen
As der in brief brocht wurdt foar de ûngelokkige Harry Potter, komt er achter in tsien jier âld geheim. Syn âlden wienen tsjoenders en waarden fermoarde troch de flok fan in Tsjustere Hear. Harry wie doe noch in poppe, mar hat it op ien of oare manier oerlibbe. Hy ferlit de freeslike Migels dy’t him grutbrocht hawwe, en giet nei Swiniastate, in tsjoendersskoalle mei spoeken en betsjoenings. Harry rekket fersyld yn in tsjuster aventoer as er in trijekoppige hûn fynt, dy’t de tredde ferdjipping fan ‘e skoalle bewekket. Dan heart er fan in ferburgen Stien, mei ferbjusterjende krêften, dy’t tige kostber of tige gefaarlik is.
-