-
De NEEhoarn
Yn it Hearlike Hertewâld wurdt in snoeperdepoeperige Ienhoarn berne. Hoewol’t elkenien lilaleaf foar him is en hy oanienwei fuorre wurdt mei swiete geloksklaver, gedraacht dat bist him bepaald net ienhoarneftich! Hy seit op alles domwei NEE, en dus wurdt er troch syn famylje al gau allinnich noch mar NEEhoarn neamd.
Op in dei rint de NEEhoarn fuort út syn sûkerwattewrâld.
Hy treft in waskbear dy’t net lústerje wol, in hûn dy’t it allegearre neat skele kin, en in prinses dy’t ivich en altyd wjerwurd jout.
Dy fjouwer foarmje in knap partoer.
Want mei-inoar lekker bokkich wêze is folle leuker! -
-
Monuminteman
As Fryslân fan de iene dei op de oare selsstannich wurdt, krijt de haadpersoan fan dit boek in wichtige taak. Hy wurdt de monuminteman.
Hy moat foar it regear in plan meitsje foar stânbylden fan Fryske helden en sa in passende skiednis betinke foar it nije lân.
Mar wa is it wurdich om in byld fan te meitsjen? En wêrom?Monuminteman is it romandebút fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof. It is in humoristyske fantasij, in spannend en in oangripend ferhaal oer identiteit en fergonklikheid yn ien.
-
Winterwetter
Oan de ein fan de tweintichste iuw groeit Lex op yn in doarp yn de Trynwâlden. In sêfte, kreative jonge yn in kristlik gesin mei in Frânske heit en in Fryske mem. In iepen jonge, dy’t knoeid wurdt yn syn gefoelichheid en syn aaklike geheimen net diele kin.
Winterwetter is in fiktive roman, basearre op wiere feiten. In ferhaal oer in jonge dy’t wrakselet mei wa’t hy wêze mei en wol. Mar ek in kultuerskiednis mei in pake dy’t elk bern wol ha wol.
‘Sa foarsichtich mooglik loek ik de plakrâne fan ’e slúf iepen. It skuorrende lûd like te galmjen troch myn skûlplak. Ik doarde amper te sykheljen en hope dat it iepenmeitsjen fan de slúf net mem har oandacht lûke soe; it lêste wat ik woe wie ‘oandacht’.’Lex Paleaux (1977) is in Haarlimske skriuwer fan Frysk komôf. Troch it skriuwen fan skripts foar ferskate tv-searjes, koarte films en teäter ûntwikkele er in orizjinele, fisuele skriuwstyl. Paleaux nimt de lêzer mei op syn reis troch it jonge libben fan de haadpersoan. Winterwetter is syn romandebút.
-
-
De keunst as útwei
Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy’t ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen.
Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers.Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.
-
In ekstremist út Westergeast
In Westergeastmer dy’t fûl nasjonaal-sosjalist wurdt. En allike fûl Frysk nasjonalist. Dy’t alhiel yn de ban is fan it Oera Linda Boek. En ek fan hinnen. En boppedat, wol it meast bjusterbaarlik, fan wite wiven. Wat foar man wie
dat wol?Yn dizze biografy jout Oebele Vries in byld fan Jan Bartele Vries út Westergeast en fan de ûntjouwing fan syn tinken. It is de beskriuwing fan in tige fleurich en tagelyk djip tragysk man.
Oebele Vries is histoarikus. Hy is yn ’e fierte famylje fan Jan Bartele Vries en komt boppedat ek út Westergeast.
-
Der dy namma fan heten is
Yn Fryslân tilt it op fan doarpen, en der binne ek noch alve stêden. Efter de namme fan elk fan dy delsettingen sit in ferhaal. Wêrom hawwe de minsken harren wenplak neamd sa’t it hyt? Hoe kamen de minsken op de plaknamme ‘Wyldinghen’ en wat is de doarpsnamme no? In hiel soad plaknammen binne foar it earst oerlevere yn it twadde part fan de midsiuwen, mar der is net by skreaun wat de eftergrûn fan dy nammen is. Mei kennis fan it Frysk en oare talen kin fan gâns fan dy nammen dochs hiel wat fan it komôf sein wurde. Yn dit boek wurde yn goed fjouwerhûndert koarte haadstikjes de nammen fan alle offisjele Fryske delsettingen beskreaun.
Pieter Duijff is al mear as trije desennia oan de Fryske Akademy ferbûn. Hy hat dêr al dy tiid warber west op it mêd fan Fryske wurdboeken en wurdlisten. Boppedat hat er bygelyks skreaun oer taalfariaasje yn Fryslân, yn it bysûnder oer it Stedfrysk.
-
De fjildferhalen
Rink van der Velde fielde him nearne sa goed thús as yn fjild en bosk. As jonge strúnde er om yn ’e bosken fan Beetstersweach en learde er de natuer troch skerp observearjen fan tichtby kennen. Fiskje en jeie wie syn lust en syn libben.
En harkje nei de ferhalen fan manlju dy’t de tiid noch meimakke hiene, dat minsken libje moasten fan fiskerij, mollefangen en de jacht op murden.
De fjildferhalen fan Rink van der Velde binne prachtich skreaun en steane fol mei sekuere observaasjes fan it hâlden en dragen fan minske en bist yn it iepen fjild.De fjildferhalen is in werútjefte fan de ferhalebondel fan Rink van der Velde (1932-2001), ien fan de populêrste skriuwers dy’t Fryslân kend hat.
-
It Himelbouwerke
Hasto wolris besocht de stjerren oan te reitsjen? Eise Eisinga besocht dat ek, lang, lang lyn. En witst wat? Hy krige se te pakken! Lês mar gau hoe’t hy dat die.
-
Testamint fan de siel
Twa jonges belibje, alhiel los fanelkoar, in ferskriklike jeugd. De iene yn it Fryske wetterlân, de oare tusken in keppel mislearre ymmigranten op de Kanadeeske prairy. As bern wurde se oan harren lot oerlitten, mar se sette troch. Beide meitsje se karriêre en fine de leafde. Wat se trochmakken en harren pleaget ferswije se. Oant se wer allinne komme te stean en yn Kanada as âlde mannen mei-elkoar yn ’e kunde komme. Se reitsje oan de praat en fertrouwe elkoar ta wat se noait kwyt woene. By tafal komme se derachter dat harren hertferskuorrende libbens ferweven binne…