-
-
-
It smelle ûngelok
Smelle ûngelokken, se komme jin alle dagen oer. Gjin stof foar grutte literatuer, soe men sizze. Te sleau en te pynlik om oer te praten. In taboe dêr’t dizze bondel lang om let mei ôfweeft. Bremer en Hoekstra ha de klassike balladefoarm foar kar nommen om de universelens fan dit tema en syn yngreven belang foar it minskene bestean klear yn ’t ljocht te setten. Sa nimme se de lêzer mei fan foar de widze oant oer it grêf.
Harke Bremer (1955) en Jarich Hoekstra (1956) skriuwe sûnt har studintejierren tegearre. Fan harren ferskynde earder it satiryske heldedicht Leffert.
-
-
Fûgels yn ús
De ferhalen yn dizze bondel binne licht absurdistysk fan toan en koart en krêftich. Mei emoasje en gefoel foar taal nimt Catharina Lautenbach de lêzer mei yn humoristyske situaasjes, famyljekonflikten en geheimen. Ferskate personaazjes passearje yn fûgelflecht de revu en sjogge har steld foar fragen en problemen dy’t yntrigearje. Faak komt in ûnferwachte ûntjouwing ta stân.
Catharina Lautenbach is berne yn Drachten (1964). Fûgels yn ús is har literêre debút.